3,8 miljoen yn restauraasjefûns

07 des 2005 - 17:51

Eigners fan wenten mei in beskerme status yn Ljouwert kinne oanspraak meitsje op in nij restauraasjefûns fan de gemeente. Yn dat 'revolving fund', komt 3,8 miljoen euro. Partikulieren kinne dêr foar 1,5 persint rinte jild út liene om harren wenning op te knappen.

It giet om panden dy't bûten de ryksubsydzjeregelingen falle foar monuminten, mar wol in bysûndere wearde hawwe foar de stêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)