Liudger yn Burgum tige skjin

© Omrop Fryslân
Skoalmienskip Liudger is mei har lokaasje Burgum nominearre foar de ûnderskieding 'skjinste skoalle fan Nederlân'. Fiif skoallen foar fuortset ûnderwiis hawwe de finale fan dizze lanlike wedstryd helle.
Winner is de skoalle dy't it bêste omgiet mei swalkôffal op it skoalplein en yn it gebou. Der is in jildbedrach te winnen. De útslach wurdt 14 desimber bekend makke yn Amsterdam.