Yllegale honken bliuwe iepen

07 des 2005 - 16:29

De yllegale jeugdhonken yn de gemeente Dongeradiel bliuwe foarearst bestean. Wethâlder Appelhof wol se de kommende jierren gedoge, om't der noch gjin legaal alternatief is. Der sil no socht wurde nei in strukturele oplossing. Appelhof sei dat tiisdei ta yn de riedskommisje. De kommisje waard massaal besocht troch jongeren dy't de honken iepen hâlde wolle.

Op 22 desimber nimt de ried in beslút oer de takomst fan de honken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)