Oerfal winkel Drachten

07 des 2005 - 15:52

In winkel oan it Riedshûsplein yn Drachten is tiisdei oerfallen. In man kaam de winkel yn en bedrige it personiel mei in sabeare-fjoerwapen. De man naaide út mei de ynhâld fan de kassa. De plysje is in grutte syktocht begûn nei de fertochte. Dy hie yntusken ûnder bedriging ek noch in fyts stellen fan in krantebesoarger.

Der is sûnder sukses socht mei 20 plysjeminsken en twa hûnen. De syktocht is staakt doe't it tsjuster waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)