Friesland Bank wol groeie

07 des 2005 - 15:43

De Friesland Bank wol troch in oare wize fan wurkjen mear klanten krije en mear winst helje. Dat hat de Ried fan Bestjoer justerjûn yn stedsskouburch De Harmonie oan de goed 1000 meiwurkers fan de bank ferteld.

De direksje fan de Friesland Bank wol syn netto risseltaat minimaal op 100 miljoen euro yn't jier bringe. De bank wol fierder ûndersykje oft it mear festigings bûten de provinsjegrinzen iepenje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)