Skeafergoeding VRB Friesland

© Omrop Fryslân
It bedriuw VRB Friesland yn Ljouwert krijt hast 17.000 euro skeafergoeding fan de gemeente Ljouwert. It bedriuw hat lêst hân fan stowend sân oan de Junokade. De gemeente hat dy Junokade tydlik brûkt foar opslach fan sân.
De gemeente en VRB hiene in skeal oer de maatregels dy't nommen wiene tsjin it stowende sân. It bedriuw hat yn in koart pleit gelyk te krijen.