N354 wurdt feiliger makke

07 des 2005 - 15:11
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje wol dyk tusken Dearsum en Snits, de N354, feiliger meitsje. Benammen yn de bebouwde kom fan Dearsum en by de ûntslutingsdyk by Nij Kleaster moat de dyk oanpast wurde. By de maatregels hearre in oerstekplak mei ferkearsljochten foar fytsers en in nij soarte fan rotonde by Nij Kleaster. Dy nije foarm fan in rotonde hjit o-vonde, in ovale rotonde.

De provinsje wol yn 2007 mei de werynrjochting fan de dyk begjinne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)