Homo's oerfallen yn Griene Stjer

© Omrop Fryslân
De plysje docht in dringende oprop oan homo's dy't oerfallen binne op de homobaan yn De Griene Stjer by Ljouwert. De plysje wol dat se oanjefte dogge, sadat se de oerfallers oppakke kinne. Dat is nei oanlieding fan wer in gewelddiedige berôving in pear wiken lyn.
It giet om twa ferskillende groepen jongeren út Ljouwert. Der is in sinjalemint bekend fan ien fan de fertochten.