Sikehûs Batting wurdt MCL Harns
Sikehûs De Batting yn Harns krijt in nije namme. Fan tiisdei ôf giet it sikehûs fierder ûnder de namme MCL Harns.
Mei de nije namme hopet de direksje fan it sikenhûs in ein te meitsjen oan de ûndúdlikens rûnom de namme. Yn itselde gebou as it sikehûs sit ek fersoargingshûs De Batting. Ut eigen ûndersyk die bliken dat de measte minsken De Batting wol kenne as fersoargingshûs mar net as sikehûs.
Trefwurden:
argyf