Oertredings yn natuer oanpakke
Plysje, provinsje, ynspeksjetsjinst AID en noch fjouwer oare organisaasjes sette woansdei op it Hearrenfean har hanteken ûnder ôfspraken foar it jaan fan boetes foar oertredings yn de natuer. It kin gean om saken as yllegaal fiskjen en fjurkestoken. De organisaasjes dogge dat as ôfsluting fan in fakdei oer kontrôles yn de natuer yn it Abe Lenstrastadion.
De tydlike gearwurking dy't twa jier lyn opset is, wurdt dêrmei definityf.
Trefwurden:
argyf