Museum oer iistiden

© Omrop Fryslân
Op it terrein fan de botanyske tún De Kruidhof yn Bútenpost is hjoed útein setten mei de bou fan in IIstidemuseum. Yn it museum wurde bysûndere balstiennen, mineralen en argeologyske fynsten útstald om de skiednis fan de regio yn byld te bringen. In part fan it museum sil takom simmer iepensteld wurde.
Der komt by it museum ek in argeologysk stipepunt. De bou fan it museum kostet sa'n 150.000 euro.