Mear carpoole, dan minder files
Troch carpoolen makliker te meitsjen kinne de files yn Noard-Nederlân ferdwine. VCC Mobiliteitsmanagement hat yn opdracht fan de trije noardlike provinsjes ûndersocht hoe't mear as de helte fan de autobestjoerders oer carpoolen tinkt, en dat is posityf.
Dochs binne der net in soad minsken dy't echt carpoole nei it wurk. Yn de noardlike auto sitte gemiddeld 1,27 minsken. As dat 1,5 wurdt, dan binne der yn Noard-Nederlân gjin files mear.
Trefwurden:
argyf