Alkoholtekoart driget

© Omrop Fryslân
It alkoholtekoart yn Nederlân bringt ek Fryske distillearders en brouwerijen yn de swierrichheden. De iennichste leveransier fan skjinne alkohol yn it lân, Nedalco, hat ien fabryk sletten, mar it nije fabryk draait noch net. Se kinne no net oan de fraach foldwaan en fabrikanten moatte útwike nei it bûtenlân.
De ekstra kosten dy't dit meibringt sille troch de konsumint betelle wurde moatte.