Auto te wetter by Wûns

06 des 2005 - 10:12
Foto: Omrop Fryslân

In automobilist is moandeitemiddei ferwûne rekke neidat hy mei syn auto te wetter rekke. De bestjoerder ried oer de Hayumerleane by Wûns doe't hy troch noch ûnbekende oarsaak yn de Molkfeart bedarre.

De automobilist siet klem en koe de holle krekt boppe wetter hâlde. Dûkteams fan Harns en Snits binne alarmearre en ha de bestjoerder út de auto helle. De automobilist is oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)