Mobile telefoan as alarm

© Omrop Fryslân
Befeiligingsbedriuw STB yn Frjentsjer komt mei in mobile tillefoan mei alarmsysteem. It bedriuw bestiet sûnt ein 2004 en hat goed 40 befeiligers yn tsjinst. STB wurket yn de befeiliging foar gemeenten en soarchynstellings. Mei de mobile tillefoan, de saneamde Secufoan, besiket it bedriuw in nije groeimerk oan te boarjen.
Mei ien druk op de knop fan de secufoan krijt STB berjocht en dy skeakelet famylje of helptsjinsten yn.