Frysk súkses op judokampioenskip

© Omrop Fryslân
Jennifer Wichers fan Ljouwert waard it ôfrûne wykein earste by it earste Iepen Noard Nederlânsk Kampioenskip yn Burgum. Wichers (15) kaam út yn 'e gewichtsklasse oant 52 kilo. Miranda Wolfslag fan Ljouwert waard twadde.
Merjem El-Jaddoullie fan it Hearrenfean wûn by de famkes oant 17 jier. Oan it kampioenskip diene 700 judoka's út Nederlân, België, Dútslân en Finlân mei.