Wer autobrannen Ljouwert

© Omrop Fryslân
Moandeitemoarn betiid binne yn Ljouwert wer twa auto's yn 'e brân flein. Meiïnoar waarden de ôfrûne tiid yn Ljouwert al acht auto's yn de brân stutsen. De plysje is noch hieltyd drok dwaande mei it ûndersyk, mar der komme oant no ta gjin brûkbere tips en dus sjit it net op mei it ûndersyk.
De plysje seit sels dat it "angstwekkend stil'' bliuwt.