It Bilt yn it ljocht

05 des 2005 - 16:05

Foar de tredde kear wurde dit jier op it Bildt 150 pleatsen en oare gebouwen yn it ljocht setten. It giet om in inisjatyf fan de stichting Lucht Licht Land 2000. De earste kear wie yn 1999 mei de millenniumwiksel. Oanlieding om it no wer te dwaan is de ôfsluting fan 'it Bilt 500'.

Oare kearen kamen der tûzenen belangstellenden op ôf. De stichting lit ûnder oare bussen by de ferljochte gebouwen delride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)