Menaam yn Wedden Dat!

© Omrop Fryslân
Wensoarchsintrum Nij Statelân yn Menaam is útsocht as 'goed doel' foar it NCRV-programma Wedden Dat. Op 8 desimber is der nammentlik in spesjale "Make-a difference-day"-útstjoering oer elkoar helpe. Ien fan de weddenskippen is dat der yn hiel Nederlân frijwilligers socht wurde moatte om soarchsintra yn de krystsfear te bringen. Nij Statelân hie him hjir foar opjûn en is dus útkeazen.