Postdieven op it Hearrenfean

05 des 2005 - 13:46
Foto: Omrop Fryslân

Twa mannen fan 24 en 25 jier út Almere binne fan sneon op snein op it Hearrenfean oanhâlden foar heling of it stellen fan poststikken. De twa mannen waarden oanhâlden foar in ferkearsoertreding. Doe die bliken dat se in hiel soad frankearre, mar net stimpele post yn 'e auto hiene.

De manlju seine dat se de post op strjitte fûn hiene yn Ljouwert. Se binne oanhâlden en de plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)