Avanti thús mei 16-5 ûnderút

ZVV-Avanti Stiens © Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn mei dikke sifers ferlern fan Hovocubo. Yn eigen hal gongen de Stienzers mei mar leafst 16-5 ûnderút. Dat is it grutste ferlies yn de skiednis fan de Stienzer klup. By it skoft stie der in stân fan 1-5 op it boerd. Mar lykas yn eardere wedstriden moast Avanti yn de twadde helte definityf belies jaan.
In oertsjûgjend Hovocubo makke tankber gebrûk fan de flaters oan de Stienzer kant, wêrnei't de blamaazje yn de slotfaze allinne mar grutter waard.
Avanti stiet noch altyd stiif ûnderoan, wêrtroch't degradaasje út de topdivyzje hast net mear foar te kommen is.