Oanhâldings dancing Burgum

© Omrop Fryslân
De plysje hat fan sneon op snein twa manlju fan 19 en 21 jier út Dâmwâld en in 20-jierrige man út Burgum oanhâlden yn in dancing oan de Ryksstrjitwei by Burgum. De Damwâldsters bemuoiden harren mei de ôffier fan de 20-jierrige Burgumer dy't fertocht waard fan belutsenens by fjochterij yn de dancing.
Doe binne sy alle trije meinommen foar sawol it tsjinwurkjen fan de plysje as mislediging.