Gjin MER foar jachthaven Heech

© Omrop Fryslân
B. en w. fan Wymbritseradiel fine it net nedich om in myljeu-effektûndersyk (MER) te dwaan nei de gefolgen fan de oanlis fan in grutte jachthaven by Heech. De gemeente wol bedriuweterrein Heech-Draeisleat útwreidzje mei in haven foar 350 boaten.
Omdat dy haven net bedoeld is as oernachtingsplak fynt it kolleezje in myljeu-effektrapportaazje oerstallich. De gemeenteried hat hjir it lêste wurd oer en sil der mids desimber oer gear.