Eureka feilich yn Harns

© Omrop Fryslân
It binnenfeartskip Eureka út Deinum dat ôfrûne woansdei fêstrûn op de Waadsee by it Amelân is sneontejûn wer losrekke. De Eureka wie ûnderweis nei Harns mei asfalt, dat frijkaam by it opknappen fan 'e fytspaden op it Amelân. It slagge ynearsten mar net om it skip flot te lûken.
Pas neidat kraanskip Neptunes wat mear lading oernaam, kaam it skip op eigen krêft wer los. Neffens skipper Meijer doocht de djipte op de seekaart net.