Baanrekord Friesinger op 1500
De Dútse Anni Friesinger hat snein op de World Cup op Thialf de 1500 meter wûn. Har winnende tiid fan 1.54'72" wie goed foar in nij baanrekord. Cindy Klassen fan Kanada waard twadde yn 1.54'72". Kristina Groves, ek út Kanada, waard tredde yn 1.56'28".
Ireen Wüst wie de bêste Nederlânske. Sy waard fjirde yn 1.56'76".
Trefwurden:
argyf