Aris ferliest by Eiffel Towers

© Omrop Fryslân
Aris ferlear sneon mei 89-76 fan Eiffel Towers. Aris koe in hiel skoft aardich meidwaan, mar moast yn it fjirde kwart belies jaan. Eiffel Towers rûn doe út nei in foarsprong fan 16 punten en wie net mear by te heljen.
Topskoarer by Aris wie Tim Whitworth mei 16 punten. Aris spilet dit jier noch twa wedstriden. Thús tsjin de Capitals út Grins en út by Den Helder. Aris sil dan punten pakke moatte om oansluting te hâlden.