Faber wint heale maraton

04 des 2005 - 16:10

Willem Faber fan Sint Nyk wûn sneon de Sint Nicolaasloop yn Frjentsjer. Faber die dat mei in foarsprong fan hast tsien minuten op nûmer twa Jan Bylsma. Faber syn winnende tiid wie 1.15'27". Doeke Otter fan Drachten waard tredde.

De rin oer tsien Ingelske mijl waard wûn troch Johannes van der Veen fan Goutum. Syn winnende tiid wie 1.06'53". De tsien kilometer waard wûn troch Lars Wudich fan Ljouwert by de manlju en Marit Houtsma fan Rie by de froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)