Sinteklaas hat goed útpakt

04 des 2005 - 12:11

Sinteklaas hat dit jier goed útpakt. Mar leafst 700 miljoen is der troch de Goedhillichman útjûn. It is foar it earst yn trije jier dat Sinteklaas wer mear útjout. Neffens de nasjonale winkelried is it sels acht persint mear as ferline jier.

Op de kadootsjes foar bern is net besunige. De Sinteklaasdrokte komt goed út, want de winkels ha oer it generaal in min jier achter de rêch. Ien fan de djoerdere kado's dit jier is de I-Pod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)