Underkuolle by dropping

17 mrt 2012 - 12:53

By in dropping yn Drachten binne freedtenacht in jonge en twa famkes yn de leeftyd fan 16 oant en mei 18 jier ûnderkuolle rekke. Der waarden tal fan helptsjinsten ynskeakele. De trije jongeren binne foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs, mar mochten al rillegau wer nei hûs.

De jonge hie nei alle gedachten gjin geduld om mei in boatsje it wetter oer te stekken en gie swimmend. Dat wie sa kâld dat de twa famkes him beide in jas lienden en dêrtroch rekke it trijetal ûnderkuolle. Yn totaal diene der sa'n 60 jongeren mei oan de dropping.

Trefwurden: 
dropping ûnderkuolle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)