Jonge (19) út disko Drachten set

© Omrop Fryslân
In jonge fan 19 út Drachten is yn de nacht fan freed op sneon út in diskoteek oan de Zuidkade yn syn wenplak set. De jonge spuide oare besikers yn it gesicht en sloech se ek.
Wêrom't er dat die is net bekend. Doe't de plysje by de diskoteek kaam, koe de jonge him net legitimearje. Hy is dêrom meinaam nei it buro. Neidat dêr syn identiteit fêststeld wie en in proses-ferbaal opmakke wie, is de jonge wer frijlitten.