Karavantoer yn Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Nei jierrenlange diskusje sil de gemeenteried fan Dongeradiel dizze moanne einlings beslute oft de yllegale keten en jeugdkaravans bliuwe sille of ferdwine. Foardat de ried beslút, wie freedtejûn de jeugd nochris oan set.
Op inisjatyf fan Zero Jongerenwurk stapten hast alle riedsleden fan Dongeradiel yn twa taksybuskes om in karavantoer te meitsjen. Sa koene se sjen hoe't it der yn de keten oan ta giet. It beslút falt 22 desimber.