Dales kritysk oer jongerein

© Omrop Fryslân
Jongerein dy't sûnder wurk sit hat dat diels oan himsels te tankjen. Dat fynt boargemaster Dales fan Ljouwert. De jongeren presintearje har faak min by sollisitaasjepetearen. Se sjogge der net fatsoenlik út en hawwe te min weet fan wat der yn de wrâld spilet.
Dales fynt dat jongeren de oerheid te maklik de skuld jouwe fan har wurkleazens en te min sjogge nei wat se sels dwaan kinne foar in baan.