Seehûn yn haven fan Heech

© Omrop Fryslân
Yn de omkriten fan Heech swimt in seehûn. Begjin dizze wike waard it bist al sjoen op de Heegemermar. Freed slagge it meiwurkers fan it Sealife Rescueteam, in soarte fan diere- ambulânse foar wetterbisten, de seehûn op 'e foto te setten. De seehûn is it meast sjoen by de haven oan de Draei yn Heech.
It Rescueteam lit de seehûn fierder gewurde om't er him goed rêde kin en al ferskate fisken fongen hat.