Brân behearderswente Dekemastate

03 des 2005 - 12:16

Der hat freedtenacht brân west yn de wente fan it beheardersechtpear fan Dekemastate yn Jelsum. It echtpear wennet yn it eardere koetshûs fan de state. De brân ûntstie by de skoarstien, nei alle gedachten omdat in balke te hyt wurden wie.

De brânwacht koe troch fluch yngripen foarkomme dat der grutte skea ûntstie. De behearderswente stiet op it terrein fan Dekemastate. Foar de state sels hat der gjin gefaar west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)