Kâns op trochstart Meubelstad

03 des 2005 - 12:00

De kâns is grut dat it faillite Meubelstad Oudehaske in trochstart makket of oernommen wurdt. Neffens kurator Bremer is der al ynteresse foar it bedriuw. Eigner Kamp naam it bedriuw fjouwer jier lyn oer. Sûnt dy tiid gie it lykwols hieltyd minder.

De ôfrûne wiken hat Kamp noch omsjoen nei oername-kandidaten mar dat rûn op neat út. Neffens kurator Bremer hoege klanten har gjin soargen te meitsjen oer de meubels dy't se besteld hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)