Bêste Alta-kij yn Oentsjerk

03 des 2005 - 09:03

Sa'n fjouwertûzen boeren út de hiele wrâld kamen freed nei Alta Dairy Day dy't dit jier holden waard yn Fryslân, by PTC+ yn Oentsjerk. Alta Dairy Day is in dei wêrby't it bedriuw Alta Genetics syn bêste kij sjen lit. Ek koene molkfeehâlders dêr sperma keapje.

Fierder waarden lêzings holden oer hoe't molkfeehâlders har bedriuw winstjouwend meitjse kinne en wie der ynformaasje oer de lêste stân fan saken oangeande feefokkerij en fruchtberens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)