Huntelaar praat mei Feyenoord

03 des 2005 - 09:02

Hearrenfean-spits Klaas_Jan_Huntelaar is yn gesprek mei Feyenoord. Trainer Erwin_Koeman en technysk direkteur Mark_Wotte hiene in ôfspraak makke mei Huntelaar om him de mooglikheden fan de Rotterdammers foar te lizzen. Boppedat waard frege nei de plannen fan Huntelaar sels.

Nêst Feyenoord folgje ek Ajax en AZ de spits. De Dútse klub Hamburger SV hat ek belangstelling, mar Huntelaar wol it leafst yn Nederlân bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)