Debreczeny mei net weromkomme

02 des 2005 - 16:48

Wethâlder Jos Debreczeny fan de gemeente Dantumadiel moat tsjin syn sin nei de ferkiezings der mei ophâlde. Debreczeny moat fan syn partij de Christen Unie syn funksje dellizze omdat in wethâlder of riedslid maksimaal 12 jier yn de rie sitte mei.

De wethâlder sels is ûngelokkich mei de hâlding fan syn partij. Hy hie sels noch wol in pear jier langer wethâlder bliuwe wollen. Sa wol Debreczeny graach syn ûnderwiisplannen ôfmeitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)