Wethâlder Verhoef ûnder fjoer
Wethâlder Verhoef, Frjentsjerteradiel, leit ûnder fjoer om in rapport oer drank- en drugsgebrûk ûnder jongeren. Yn it stik stiet dat it drank- en drugsgebrûk ûnder de jongeren yn Frjentsjerteradiel ekstreem wurdt.
Ferskate partijen namen de wethâlder ûnder fjoer. Sy fine dat de sûnens fan de jeugd gefaar rint. Ferskillende ynstânsjes hâlde har op it stuit dwaande mei de problematyk. Yn jannewaris praat de ried oer de saak.
Trefwurden:
argyf