Peil grûnwetter better folgje

© Omrop Fryslân
Grûnwetteroerlêst en tekoart oan grûnwetter binne fan takom jier ôf makliker foar te kommen. Provinsjes, gemeenten, wetterskippen en wetterliedingbedriuwen tekenen tongersdei in gearwurkingsoerienkomst.
De partijen praten ôf dat sy in ynstrumint ûntwikkelje litte wêrmei't it hiele jier troch it peil fan it grûnwetter te folgjen is. Dêrtroch is it makliker om te sjen wat der bart wannear't dat peil feroare wurdt.