Meubelstad Oudehaske fallyt

© Omrop Fryslân
Meubelstad Oudehaske is fallyt. By it bedriuw wurkje acht minsken. Eigner Kamp naam it bedriuw fjouwer jier lyn oer, mar sûnt dy tiid gie it hieltyd minder. De ôfrûne wiken hat Kamp noch op syk west nei oername-kandidaten, mar dit is op neat útrûn.
De winkel is earst noch wol iepen. Yn itselde gebou sitte ek Droomstad Oudehaske en Tapijtstad Oudehaske. Dy bedriuwen ha in oare eigner en ha dus ek neat mei it fallisemint te krijen.