SC Hearrenfean ûnderoan yn pûl

02 des 2005 - 11:35

SC Hearrenfean stiet ûnderoan op plak 5 yn Groep F fan de UEFA Cup. Levski Sofia wûn tongersdeitejûn fan Olympique Marseille en Dinamo Boekarest wûn fan CSKA Moskou. De Feansters moatte by de boppeste 3 eindigje om troch te gean.

Op 14 desimber spilet Hearrenfean thús tsjin Levski Sofia. At dy wedstryd wûn wurdt binne der noch kânsen op it berikken fan de folgjende ronde. Dinamo Boekarest mei dan perfoarst net winne by Olympique Marseille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)