P. Jelles adoptearret skoallen
It Piter Jelles Gymnasium yn Ljouwert adoptearret twa skoallen yn Pakistan. De learlingen hawwe op de lêste wurkdei fan harren direkteur in ynsammeling hâlden foar in goed doel. Se hellen in goede 1500 euro op. Dêrmei kin de stifting Novib twa skoallen oprjochtsje yn Pakistan.
It jild waard binnenhelle troch aktiviteiten lykas de ferkeap fan hapkes.