Kolleksjes musea op ynternet

01 des 2005 - 13:20

In grut diel fan de kolleksjes fan de Fryske musea is tenei te finen op ynternet. De kolleksjes fan 71 Fryske musea binne sûnt novimber opnaam op de webside fan it nasjonale Museum Inventarisatie Project.

De kolleksjes binne net per museum te besjen, mar per tema, bygelyks wapens, bisten en klean. Mei-elkoar steane mear as in miljoen Fryske foarwerpen op de webside. Dêr komme nochris 800.000 foarwerpen by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)