Jild werom foar Feansters

© Omrop Fryslân
It Hearrenfean jout foar it twadde jier op rige jild werom oan ynwenners. It giet om 20 euro it hûshâlden. Der is in tafaller fan 370.000 euro by it opheljen fan smoargens. Dat komt omdat minsken it ôffal hieltyd better skiede.
Sûnt 2000 moat betelle wurde foar eltse kontainer dy't by de dyk set wurdt. Dêrtroch hoecht der minder ôffal sammele en ferwurke te wurden. Dat smyt legere rekkens op foar de gemeente, en dêr profitearje de ynwenners fan.