2 ton foar renovaasje kearslûs

01 des 2005 - 10:11

Foar de renovaasje fan de âlde kearslûs en it havengebiet yn Aldebiltsyl komt twa ton beskikber. Dat advisearret de Inisjatyfgroep Plattelânsfernijing Noardwest Fryslân oan Deputearre Steaten.

It opknappen fan de slûs is ûnderdiel fan in plan om de histoarje fan Aldebiltsyl te bewarjen. Fierder krijt in túnbouprojekt yn Seisbierrum 85.000 euro en foar de brede skoalle yn Wommels wurdt 125.000 euro útlutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)