Tútsje.nl hâldt der mei op

© Omrop Fryslân
Nei in goed jier komt der in ein oan it inisjatyf tútsje.nl. Nei de moard op Theo van Gogh yn novimber ferline jier begûnen trije Wommelser jonges mei in tútsje-side mei as motto: Meitsje leafde, gjin oarloch.
Dêr kaam in hiele protte publisiteit op en de webside mei hûnderten foto's mei tútsjende minsken waard tige populêr. De tútsje-side wurdt op 10 desimber yn Baard ôfsluten mei it earste Fryske tútrekôr.