60 kilo yllegaal fjoerwurk fûn

01 des 2005 - 10:09
Foto: Omrop Fryslân

Twa ynwenners fan Ljouwert binne tiisdei troch de plysje oppakt omdat se fjoerwurk opslein hienen yn har hûs. It giet om twa Ljouwerters fan 19 en 26.

Yn it hûs waard mei-elkoar 60 kilo fjoerwurk fûn. It giet ûnder oare om nitraat-fjoerwurk en 100.000-klappers. Tsjin de Ljouwerters is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)