Plysje fersomt twadde besite

01 des 2005 - 10:06

Slachtoffers fan wenningynbraken yn Fryslân wurde net genôch holpen troch de plysje. De plysjeminsken moatte de slachtoffers in wike nei de ynbraak wer opsykje, mar dogge dat faak net. Dat docht bliken út gegevens fan de Plysje Fryslân.

Wêrom't de herbesites fan de plysje net plakfine, wurdt ûndersocht. Ek foar de plysje binne dy besites wichtich: it smyt soms nije gegevens op wêrmei't de dieders oppakt wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)