Protest oanlis Hoarnstermar

© Omrop Fryslân
Sa'n fyftich boeren ha woansdeitemoarn protesteard tsjin de oanlis fan in mar yn de Haskerveenpolder by De Jouwer. De boeren yn it gebied fine dat gjin goed plan, omdat it ten koste giet fan lânbougrûn. De gemeente wol yn 2015 mei de oanlis fan de mar uteinsette.
De boeren wolle it lân foar lânbou hâlde. Boppedat soe de mar oansletten wurde moatte op in farferbining. Dêrmei soene agraryske struktueren trochsnijd wurde. Woansdei praat de rie oer de mar.